Ferbod op wykeinarranzjemint

14 des 2011 - 15:19

De gemeenten Ljouwert en Snits moatte neitinke oer in oare oanpak fan útgeansgeweld yn it wykein. In wykeinarranzjemint moast plegers fan geweld yn it wykein hurd oanpakke troch se fuort fêst te setten. Nei de rjochter fynt no ek de Hege Ried dat fertochten net bewust oant moandei fêsthâlden wurde meie. Dat oerkaam twa jier lyn in Ljouwerter, en dat is yn striid mei de wet.

Direkte oanlieding foar de útspraak wie de saak fan in Ljouwerter dy't op sneontenacht oppakt waard en úteinliks pas moandeitemiddei frijlitten waard, wylst it ûndersyk nei syn saak al op sneintemoarn klear wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)