C&A jild nei goede doelen

14 des 2011 - 14:35

De bern fan trije basisskoallen yn Snits ha woansdei 130.000 euro ferparte oer fiif goede doelen. It jild is beskikber steld troch C&A. Dy winkel bestiet 170 jier. It jild giet ûnder oare nei it Foppefûns en SOS-bernedoarpen. Alle goede doelen ha op de skoallen west om te fertellen wêr't se it jild foar brûke wolle. De bern ha de kar makke. De learlingen krigen ek in ferrassingsoptreden fan Jan Smit. Hy is it gesicht fan C&A.

De oare goede doelen wiene Stichting Gered Gereedschap, Ruud van Nistelrooij Academy en Stichting Leergeld Sneek.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)