Gjalt de Jong nije skûtsjeman

09 okt 2012 - 12:53

Gjalt de Jong wurdt de nije skûtsjesylferslachjouwer by Omrop Fryslân. Hy is de opfolger fan Klaas Jansma dy't it ferslach 35 jier foar de omrop fersoarge hat.

Gjalt de Jong is al by it publyk fan it skûtsjesilen bekend as kommentator fan de wâl ôf. Fierders libbet er nei eigen sizzen fan de wyn en it wetter. Hy is ûndernimmer en sylt mei ploechjes minsken op in eigen skip. De Jong is ek muzikant en ferteller.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)