Wer 'Haren-Fries' feroardiele

09 okt 2012 - 12:43

In 18-jierrige jonge út Feanwâlden is tiisdei feroardiele foar syn oandiel yn de Project-X-rellen yn Haren. Hy moat 60 oeren wurkstraf dwaan. Tiisdei stiene alve fertochten foar de rjochter. Mear as wurkstraffen en frijspraak kaam der net út. Twa ME-ers hiene in eask yntsjinne foar skeafergoeding. Dy waard ôfwiisd.

Op freed 21 septimber kaam it by in Facebook-jierdeisfeestje dat net plakfûn, ta grutte reboelje en plonderings yn Haren. In oare Fries waard moandei al feroardiele ta in wurkstraf fan 40 oeren.

Trefwurden: 
Project X Haren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)