Agressyf duo yn skuonwinkel

09 okt 2012 - 09:49

De plysje hat moandeitemiddei twa Ljouwerters oanhâlden foar stellerij, bedriging en mislediging. It giet om in jonge fan 17 jier en in frou fan 22. De twa soene earder skuon stellen hawwe yn op winkelplein De Centrale. Doe't se moandei yn deselde saak wiene, waarden se herkend troch it personiel en fêsthâlden. De plysje hat de twa meinaam nei it buro.

De jonge bedrige en misledige de plysjes en fersette him bot tsjin syn oanhâlding. Beide fertochten sitte fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)