Kruiswijk foar ien duel skorst

09 okt 2012 - 09:13
  • Arnold Kruiswijk

De tuchtkommisje fan it KNVB hat Arnold Kruiswijk foar ien wedstriid skorst. De ferdigener krige ôfrûne wykein tsjin Vitesse twa kear in giele kaart. De twadde krige er in kertier foar de ein nei in lichte oertreding op Vitesse-oanfaller Wilfried Bony.

Troch de skorsing mist Kruiswijk de noardlike twastriid tsjin FC Grins op 21 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)