Soargen oer ynset dûkteams

09 okt 2012 - 07:56

De dûkteams fan Damwâld en De Westereen wurde mei yngong fan 1 novimber opheft fanwege besunigings by de brânwacht. Harren wurk wurdt oernaam troch de dûkers fan it korps fan Ljouwert en saneamde 'oppervlakte redteams'. Dy binne ferantwurdlik foar rêdings op it wetter en dûke net.

De nije teams hiene der yn maaie al wêze moatten, mar binne noch hieltyd net operasjoneel. Troch it ferdwinen fan de dûkteams fan Damwâld en De Westereen, kin it yn Noardeast-Fryslân no wol mear as in healoere duorje foardat in dûkteam oanwêzich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)