Diskusje oer Wynstreek

08 okt 2012 - 23:42

It wynmûnepark yn de Iselmar foar de kust fan Makkum moat opskowe nei it westen. Dat fine ûndernimmers út de rekreaasjesektor yn it doarp. Moandei wie yn Snits in ynformaasjejûn oer de provinsjale wynmûneplannen Wynstreek 2012. Belutsenen koene dêr harren sjochwize yntsjinje op de plannen foar de parken. Der moatte trije wynmûneparken komme: yn de Iselmar foar Makkum, by de kop fan de Ofslútdyk en by It Hearrenfean.

De measte wjerstân is tsjin it park yn de Iselmar. Undernimmers bin benaud dat it toeristen ôfskrikke sil. Natoerorganisaasjes binne der ek net wiis mei. It sykgebiet fan it park leit midden yn in fûgeltrekgebiet.

Trefwurden: 
wynmûnen Wynstreek 2012
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)