Tûzenen dogge mei oan KH2018

08 okt 2012 - 23:29

As Ljouwert yn 2018 Kulturele Haadstêd wurdt dan hawwe dêr 20.000 frijwilligers oan meiwurke. Ek hat 60 persint fan de bern dy't ûnder de earmoedgrins libje yn Ljouwert belutsen west by de aktiviteiten en bliuwt 30 persint fan de studinten hjir wenjen om't se yn Fryslân wurk fine kinne. It stiet allegearre yn it bidbook dêr't Ljouwert de titel Kulturele Haadstêd mei binnenhelje wol. Moandei waard dat presintearre yn stedsskouboarch De Harmonie.

It giet om in earste ferzje mei dêryn útwurke plannen foar aktiviteiten yn 2018.

It spilet him ôf om trije tema's hinne: wetter, lân en hoarizon. It bidbook moat derfoar soargje dat Ljouwert de twadde omloop hellet. Ein novimber sil dat dúdlik wurde. It folsleine bidbook is noch net frijjûn út konkurrinsje-oerwagings. Allinnich riedsleden fan de gemeente meie it op it stedhûs ynsjen as se tekenje foar geheimhâlding.

Trefwurden: 
KH2018 bidbook
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)