Fries feroardiele foar Haren

Rellen Haren © ANP
In 18-jierrige ynwenner fan Koartehimmen is moandei troch de rjochtbank yn Grins feroardiele ta 40 oeren wurkstraf. De man hat him skuldich makke oan iepenlike geweldpleging by de Project X-rellen yn Haren op 21 septimber. De man wie de iennichste Fries dy't hjoed foarkomme moast.
Al mei al binne fiif relskoppers feroardiele foar de rellen yn Haren. Tiisdei gean de rjochtsittings yn Grins troch.