Rapport-Samson werkenber

08 okt 2012 - 17:30

De konklúzjes út it rapport fan de kommisje-Samson oer seksueel misbrûk yn de jeugdsoarch binne hiel werkenber. Dat fynt direkteur Attie de Graaf fan Tjallingahiem. De ynstelling fangt jongeren op mei in licht ferstanlike hendikep.

Frou de Graaf makke oan it begjin fan har karriêre as helpferliener by in ynstelling yn it midden fan it lân sels ferskate gefallen fan seksueel misbrûk mei. Dat siet doe noch bot yn de taboesfear. Yn 2002 waard se direkteur fan Tjallingahiem en hat se besocht folle mear iepenheid te krijen oer seksueel misbrûk.

Net tsjinsteande dat, binne der alle jierren ien of twa gefallen fan misbrûk, fral fan jongeren ûnderling. Ek seksueel misbrûk troch in begelieder is wolris foarkaam. Neffens Attie de Graaf is it mar better om dêr iepen oer te wêzen, omdat foarkommen noait hielendal kin. Sy ûnderskriuwt de oanbefellings fan de kommisje-Samson, bygelyks om jongeren te trainen yn it oanjaan fan har grinzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)