Selstraf easke foar stekkerij

Justysje © Omrop Fryslân
Tsjin in man (24) út Ljouwert is fiif jier selstraf easke. Hy hat ferline jier oktober op in feest yn Mûnein in 32-jierrige Gordykster delstutsen. De twa hienen in pear wike earder slaanderij hân yn in diskoteek yn Berltsum. De Gordykster hie de Ljouwerter doe in brutsen noas huft. Yn Mûnein naam de Ljouwerter wraak.
Tsjin in twadde fertochte, in Ljouwerter fan 31, waard in heal jier sel plus in healjier op betingst easke. De frou fan de Gordykster waard by de fjochterij yn Mûnein ek mishannele.
De saak kaam oan it rôljen doe't Opsporing Verzocht der oandacht oan joech. De rjochter docht oer fjirtjin dagen útspraak.