Sluting doarpshûs driget

08 okt 2012 - 14:47

Doarpshûs De Nije Warf fan Driezum/Wâlterswâld driget ticht te gean. Der is krapte oan jild en frijwilligers. Boppedat sit de behearder fan it doarpshûs siik thús.

It bestjoer fan de Nije Warf hat no hûs-oan-hûs in brief ferspraat mei de oprop foar nije frijwilligers. Der binne goed santich nedich. Komme dy der net, dan gean de doarren definityf op slot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)