1640 jongeren yn ferwiisyndeks

21 okt 2010 - 14:23

Der sitte al 1640 nammen yn de saneamde ferwiisyndeks foar jongeren. Dat is in register dêr't jongeren yn stean dêr't it neffens helpferlieners net sa goed mei giet.

Om út te lizzen hoe't dy ferwiisyndeks krekt wurket hat de provinsje Fryslân in filmke makke. It doel is dat bern net langer tusken wâl en skip bedarje en dat se holpen wurde as der problemen binne. Dat liket sa yndie better te slagjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)