Net iens mei provinsjefisy

14 des 2011 - 12:29

Boargemaster Liemburg fan Littenseradiel is bliid dat de provinsjefisy op de weryndieling yn Noard-Fryslân der no leit. De rie fan Littenseradiel sjocht oant no ta gjin reden om oansluting by oare gemeenten te sykjen. Neffens har feroaret dizze provinsjefisy der neat oan. Littenseradiel is al troch de Middelseegemeenten útnoege om te praten. Boargemaster Boertjens fan Ljouwerteradiel wurdearret de dúdlikens dy't der no leit. De ried fan Ljouwerteradiel is net entûsjast oer oansluting by Ljouwert. In mearderheid hat him útsprutsen foar in sterke, fitale plattelânsgemeente yn Noardwest Fryslân.

De provinsje komt no mei in weryndielingsplan omdat it by de weryndieling yn Súdwest-Fryslân te min rezjy fierd hat neffens de Twadde Keamer. De provinsje hat it weryndielingsplan woansdei presintearre. Frijbliuwend is it plan net: gemeenten dy't ôfwikende weryndielingsplannen yntsjinje kinne rekkenje op in negatyf advys fan de provinsje.

Trefwurden: 
weryndieling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)