Measte Henk ten Hoor's oernaam

Sechstich fan 'e 103 fallite kleanwinkels fan Henk ten Hoor binne oernaam. Dêr is moandeitemoarn in oerienkomst oer ûndertekene mei Romani Beleggingen út Zevenaar. Fan de 425 personielsleden kinne 250 oan it wurk bliuwe.
Hokker fan de santjin Fryske winkels iepenbliuwe, is noch net bekend. De kurator sil de kommende dagen mei noch mear oernamekandidaten om 'e tafel foar de oare goed fjirtich winkels. De ferwachting is dat de oernommen winkels tiisdei wer iepengean.