GGZ-app manysk-depressiven

GGZ Friesland
GGZ Fryslân komt mei in app dêr't húsdokters minsken mei teste kinne op in manysk-depressive stoarnis. As bliken docht dat ien symptoamen hat, folget fierder ûndersyk. De GGZ hat ek in webside makke mei ynformaasje oer de sykte. Dêr kinne minsken streekrjocht fragen stelle oan spesjalisten fan 'e GGZ.
No wurdt yn trochsneed pas tolve jier nei de earste klachten de krekte diagnoaze steld by in manysk-depressieve stoarnis. De GGZ hopet mei de app en de webside dat it tenei folle earder herkend wurdt.