Messerschmitt net nei museum

Fryske oarlochsmusea hawwe gjin belang by it wrak fan in Dútske Messerschmitt út 'e Iselmar. By it Fersetsmuseum en it Kazemattemuseum past it fleantúch net yn de kolleksje. De Dútske jager is yn de Twadde Wrâldoarloch ferûngelokke. Definsje hat de munysje derwei helle. Wat fierder mei it wrak bart, is noch ûndúdlik. De kâns is grut dat it nei de skroat giet.
De Messerschmitt wie nei alle gedachten stasjonearre op Fleanbasis Ljouwert, omdat dat doe in Dútske basis wie.
Douwe Faber fan de Stichting Missing Airman Memorial Foundation is wol dwaande mei it pleatsen fan it betinkingsplaat by in fjildgrêf yn it bûtendykske lân Noarderleech by Marrum. Dêr sit ek noch in Messerschmitt mei it stoflik omskot fan de piloat yn 'e grûn.