Moandei plannen KH bekend

07 okt 2012 - 16:05

Moandei wurdt in wichtige stap set foar Ljouwert op wei nei de Kulturele Haadstêd fan Europa. Dan wurdt it bidbook presintearre dêr't de plannen yn bekend makke wurde. De plannemakkers dogge dat mei in Kulturele Stamppot yn teater De Harmonie. De plannen moatte letter dizze moanne de sjuery oertsjûgje om foar Ljouwert te kiezen.

De organisaasje hopet op in sa grut mooglike opkomst om sa ek de sjuery sjen te litten dat de Kulturele Haadstêd libbet. Draachflak is ien fan de betingsten dêr't oan foldien wêze moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)