Dronken man slacht rút yn

07 okt 2012 - 15:24

In 23-jierrige ynwenner fan Drylts is sneontenacht yn Boalsert oanholden op fertinking fan fernieling. Surveillearjende plysjes hearden op de Bargefenne glêsgerinkel. Bliken die dat de 23-jierrige in rútsje fan in hoarekagelegenheid ynslein hie. De man wie swier ûnder ynfloed en dêrom koe de saak net dalik ôfhannele wurde. Reden om de fertochte op te sluten om earst nochter te wurden.

Trefwurden: 
Boalsert dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)