1300 foutsjes yn Teater Snits

07 okt 2012 - 14:25

1300 lytse flaters en nuveraardichheden dy't noch oanpast wurde moatte. Dat is it resultaat fan de earste echte test foar it nije teater Snits. Sneon waard der foar it earst in foarstelling spile foar in folslein folle seal. Dy try-out wie bedoeld om te sjen hoe't it deroan ta giet as it teater oer in moanne iepen giet. Benammen op it mêd fan de catering giet it noch net flaterleas. Sa duorre it lang foardat elkenien yn de pauze in drankje besteld hie.

Ek loshingjende kabels en it ûntbrekken fan in gerdyn foar de artystefoyer wiene noch in probleem. Neffens teaterdirekteur Ben van der Knaap binne al dy dingen noch foar de offisjele iepening op 1 novimber foarelkoar.

Trefwurden: 
Teater Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)