Ferwûnen by botsing Hichtum

07 okt 2012 - 14:16
  • Botsing Hichtum

In 43-jierrige automobiliste en har 10-jierrige dochter út Dokkum binne sneon ferwûne rekke by in oanriding op de Westergoawei by Hichtum. In 26-jierrige automobilist út Wommels woe de dyk oerstekke, mar soe dêrby hindere wêze troch de leechsteande sinne. Hy kaam yn botsing mei de auto fan de Dokkumse en har dochter. Dy rekken dêrby ferwûne en binne mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Snits. De man út Wommels kaam mei de skrik frij.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)