Gouweleeuw seit Jong Oranje ôf

Teloarstelling by Jeffrey Gouweleeuw © ANP
Jeffrey Gouweleeuw hat him snein ôfmeld foar de seleksje fan Jong Oranje, dat kommende wike de EK-kwalifikaasje play-offs spilet tsjin Slowakije. De ferdigener fan SC Hearrenfean hat lest fan in hamstringblessuere, dy't er sneontejûn oprûn yn de wedstriid tsjin Vitesse. Yn plak fan Gouweleeuw hat Jong Oranje-coach Cor Pot no Ben Rienstra fan Heracles Almelo oproppen.
Jong Oranje spilet tongersdei 11 oktober de earste wedstriid yn it Slowaakse Senec. De return is fjouwer dagen letter yn it Sparta Stadion yn Rotterdam.