Aksje foar tsjerke Lippenhuzen

07 okt 2012 - 12:36

De Sint Piter tsjerke fan Lippenhuzen moat foar goed fiif ton opknapt wurde. Dêrom sette it tsjerkebestjoer sneon útein mei de aksje 'Sterk voor de Piterkerk' yn de tsjerke. Der waarden optredens fersoarge troch ûnder oare trûbadoer Adri de Boer, it tsjerkekoar Wûnderlik en Gitta Lichthart.

De tsjerke wurdt sa no en dan noch brûkt foar tsjerketsjinsten, mar is te grut en te djoer yn ûnderhâld foar de hieltyd lytser wurdende PKN-mienskip. It doarp moat helpe.

As tsjinprestaasje kin it doarp gebrûk meitsje fan de tsjerke om kulturele en sosjale aktiviteiten te hâlden. Dêrom is sneon de namme Sint Piter tsjerke offisjeel feroare yn Piter Tsjerke. Under oare de flier en it oargel moatte opknapt wurde en der moatte in gearkomsteromte en in húske komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)