Joop Atsma yn 'Vieze Vijftig'

Steatssekretaris Joop Atsma út Surhústerfean is op it 17e plak einige yn de Vieze Vijftig-ferkiezing. Atsma hat syn plak ûnder oare te tankjen oan it ôfskaffen fan it staasjejild op plastic flessen. De ferkiezing is in inisjatyf fan Greenpeace, Joop.nl, WISE en it Varaprogramma Vroege Vogels. Der waard socht nei minsken út de polityk en it bedriuwslibben dy't troch har besluten foar de measte fersmoaring fan de natuer soargje. Steatssekretaris Henk Bleker einige op it earste plak.
De inisjatyfnimmers krigen help fan in sjuery en fan it publyk, dat fia ynternet stimme koe.