Stroomsteuring by Aldegea

07 okt 2012 - 09:40

Ynwenners fan Aldegea en Earnewâld hawwe sneintemoarn te krijen mei in stroomsteuring. Neffens netbehearder Liander hawwe sa'n 500 oanslutings der lêst fan. De oarsaak leit yn it útfallen fan in oantal stasjons. Hoe't dat koe is noch net bekend. Liander hopet it probleem, dat tsjin njoggenen begûn, om alve oere hinne oplost te hawwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)