Lintsje foar Rennie Veenstra

Lintsje © ANP
Muzykdosinte Rennie Veenstra út Dokkum hat sneontemiddei in keninklike ûnderskieding krigen. Dat wie by de fiering fan har 40-jierrich jubileum as dosinte by Opus 3, it sintrum foar muzyk yn Noardeast-Fryslân. Veenstra waard beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. De ûnderskieding waard har útrikt troch boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. Neist dat se muzykdosinte is, hat Rennie Veenstra ek jierrenlang aktyf west foar de Kulturele Kommisje Dongeradiel en wie se belutsen by de Kleasterkapel yn Dokkum.