Sterke start Aris

06 okt 2012 - 22:39
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris binne de kompetysje hiel goed útein set. De Ljouwerters wûnen yn Sporthal It Kealledykje mei mar leafst 120-64 fan Rotterdam. De ploech fan trainer Erik Braal wie fan de earste minút ôf dominant yn de wedstriid. Fanút in prima ferdigening skoarden de Aris spilers der op los. Nei it earste kwart stie der in stân fan 23-13 op it boerd. By it skoft wie it 54-30. Yn it tredde kwart naam Aris echt ôfstân fan Rotterdam mei 81-46. Yn it fjirde kwart bepaalden de Ljouwerters de einstân op 120-64.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)