Oanfarring op Iselmar

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Op de Iselmar by De Lemmer hat sneon in oanfarring west. In Lemster aak kaam dêr yn botsing mei in sylboat. Dêrby rekke ien persoan yn it wetter. De rêdingsboaten fan De Lemmer en in plysjeboat út Enkhuzen waarden oproppen foar de helpferliening. Dy koene de persoan koarte tiid letter út it wetter helje. Dy makket it neffens it Kustwachtsintrum nei omstannichheden goed. De Lemster aak en de sylboat koene op eigen krêft nei De Lemmer farre.