De Splash fiert 25ste jierdei

06 okt 2012 - 16:23

It wie 25 jier lyn noch in idee, mar tsjintwurdich leare de topsilers it silen yn de ienmanssylboat de Splash. De Splash waard in fearnsieu lyn betocht en makke yn Grou troch Roel Wester. Dit wykein wurdt stilstien by it 25-jierrich bestean. Wrâldtoppers as Marit Bouwmeester ha it silen yn dizze Fryske sylboat leard.

It idee om de sylboat te meitsjen ûntstie ein jierren 80. Roel Wester seach dat it foar jonge silers dreech wie om de oerstap te meitsjen fan begjinnersboatsje de Optimist nei in gruttere sylboat.

Hy kaam mei in tuskenoplossing, de Splash. Hjoed-de-dei binne oer de hiele wrâld goed 2600 splash-sylboaten dêr't yn syld wurdt. In 100 dêrfan binne dit wykein te finen op 'e Pikmar by Grou. Dêr wurdt it sylevenemint Vaarwelkom hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)