Duo fernielt bushokje Gordyk

06 okt 2012 - 15:05

De plysje siket in jonge en in famke dy't freed in bushokje oan de Hendrik Ringenoldusstrjitte op 'e Gordyk fernield hawwe. Tsjûgen seagen dat de twa in reklameposter út it hokje hellen. Dêrfoar moasten se in tal rubbers ferniele en in klep iepenbrekke. Nei har died stapten de twa op de bus rjochting It Hearrenfean of Drachten. De plysje wol graach mear oer har te witten komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)