Man falt minsken lestich

06 okt 2012 - 14:59
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat freedtenacht yn Drachten in 42-jierrige ynwenner fan dat plak oppakt foar bedriging. De man, dy't yn 'e war wie, foel op de Lange West minsken lestich en smiet mei bierfleskes nei auto's. Doe't plysjes de man besochten oan te hâlden bedrige er ek har mei in flesse. Omdat er dêrnei yn in tún lizzen gong, koe er wol oanhâlden wurde. De man waard meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)