Soargen VVD oer bedriuwslibben

06 okt 2012 - 14:38

De VVD makket him soargen oer de ferstânhâlding tusken bedriuwslibben en provinsjebestjoer. De ûndernimmersferiening VNO-NCW Noord oerwaget neffens de VVD it fertrouwen op te sizzen yn Deputearre Steaten. VNO-NCW fielt him passearre yn it proses oangeande de spoarline Hearrenfean-Grins. Neffens de VVD terjochte, want troch it krewearjen fan VNO-NCW soe der in alternatyf pakket oan stimulearingsmaatregels foar it Noarden kaam wêze.

De VVD seit dat it al it safolste sinjaal is dat it provinsjebestjoer net goed omgiet mei it bedriuwslibben.

Trefwurden: 
VVD VNO-NCW bedriuwslibben
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)