Auto rydt winkel yn

06 okt 2012 - 14:14

In ynvalide-auto is sneon in winkel yn it Ljouwerter sintrum binnenriden. De etalaazje fan de moadewinkel waard dêrby folslein fernield. De auto mei in ynvalidekaart, stie parkearre op de Smelle Piip oan de Ljouwerter Nijstêd. De eigner wie te winkeljen, mar hie de auto fergetten op de hânrem te setten. Dy rôle eefkes letter by de ferheging del en ramde de glêzen pui fan de winkel. De eigner fan de winkel is foar de skea fersekere. Nimmen rekke ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)