Skipper Rintje Ritsma stoarn

Ald-skûtsjeskipper Rintje Ritsma fan De Lemmer is woansdei 3 oktober op 104-jierrige leeftiid ferstoarn. Ritsma wie de oprjochter fan de Stichting It Lemster Skûtsje yn 1957. De Lemster wie yn de jierren 50 en 60 tal fan jierren skipper op it Lemster skûtsje. Fan 1958 oant 1961 op de Hoop op Welvaart en nei in ûnderbrekking fan trije jier kaam er werom op it nije skûtsje, de Emanuel. Yn 1966 waard Ritsma kampioen fan de SKS. Yn 1968 naam er ôfskied fan de wedstrydsilerij. Rintje Ritsma is ek de pake fan de ferneamde reedrider Rintje Ritsma.