Bûslampe ferriedt ynbrekker

06 okt 2012 - 11:52

Troch in alerte buertbewenner is freedtenacht yn Wolvegea in ynbrekker oanhâlden. De buorman seach in bûslampe skinen by in wenning op de Schooldwarsstraat. It hûs wurdt fanwege in ferbouwing net bewenne. Yn de wenning fûn de plysje in 26-jierrige Wolvegeaster dy't sei dat er foar de rein oan it skûljen wie. Dat leaude de plysje net omdat der dúdlik ynbrutsen wie. De man hie al ark klearset om mei te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)