Kij los yn sintrum De Gordyk

06 okt 2012 - 11:32

Yn it sintrum fan De Gordyk binne freedtenacht 15 kij op 'e rin gien. De útbrutsen keppel kij rûn op de Langewâl. Doe't de plysje derby kaam wie ien fan de bisten yn de feart rekke. De brânwacht hat de ko út it wetter helle. De alarmearre boer út Lippenhuzen hat de kij nei in stik lân by De Gordyk brocht.

Trefwurden: 
De Gordyk kij
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)