Boek oer Poppo van Burmania

06 okt 2012 - 10:27

In unyk en persoanlik ferslach fan de 80-jierrige oarloch. Sa wurdt it nije boek fan Wiebe Bergsma fan de Fryske Akademy neamd. It boekje bestiet út brieven en oantekens fan de 17e ieuske Ljouwerter militêr Poppo van Burmania. Hy tsjinne yn it leger fan de stedhâlder en hie sa in soad kontakt mei de gewoane soldaten. Hy beskriuwt wat har oerkaam en hoe't se libje moasten. En dêr binne net in soad boarnen foar, sa seit Bergsma.

Dat er ek kontakt hie mei de heechste rûnten docht wol bliken út in brief dy't er skreau oan de widdo fan de stedhâlder doe't er besocht in hegere funksje te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)