Maeike Sijtsma ferstoarn

06 okt 2012 - 07:40
  • Maeike Sijtsma

Sjongeres Maeike Sijtsma fan Stiens is freedtemoarn samar ynienen ferstoarn. Se waard bekend mei de band Three-ality. De lêste jierren wie se de sjongeres fan de band Souldada. Yn de Fryske muzyk stie Sijtsma bekend as ien fan de meast talintfolle sjongeressen fan Fryslân. Se fersoarge ûnder mear de koarkes by Iris Kroes, Elske DeWall en Griet Wiersma. Maeike Sijtsma is 29 jier wurden.

Maeike Sijtsma wie ek by in grut tal produksjes fan Omrop Fryslân belutsen. Sa song sy mei Threeality yn 2007 it allerearste simmerlietsje fan de Omrop mei de titel Simmer yn Fryslân. De winter dêrnei songen se 'Winter mei dy'. Ek oan it simmerliet fan dit jier, Wikkerdewik, wurke se mei as adviseur. Fierder is har stim te hearren yn in tal jingles fan Omrop Fryslân, sa as dy fan Noardewyn en Simmer yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)