Cruiseskippen al oer twa jier

05 okt 2012 - 21:39

Der komme mooglik al fan 2014 ôf cruiseskippen yn de haven fan Harns te lizzen. Fertsjintwurdigers fan fjouwer ynternasjonale cruisemaatskippijen wiene freedtemiddei tige entûsjast nei in besite oan Harns. Mar foardat it hûndert prosint wis is dat de skippen komme, moat de gemeente saken oanpasse yn de haven. Sa moat der in nije terminal komme. Foar gruttere cruiseskippen moatte ankerboeien en pontons oanlein wurde.

Dat smyt lykwols gjin problemen op, seit wethâlder Le Roy fan Harns. Se is bliid dat de cruisemaatskippijen sa posityf binne en tinkt dat de Harnzer ekonomy profitearje sil fan de skippen. Direkteur Rik Duijn fan de Harnzer haven hopet dat de skippen al yn 2013 komme kinne, mar de cruisemaatskippijen hâlde it sels op ien jier letter.

Trefwurden: 
Harns haven Cruiseskippen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)