Apparteminten yn Westeinde

05 okt 2012 - 20:36
  • Elkien

Wenningkorporaasje Elkien bout mei stifting Palet 33 apparteminten yn de Ljouwerter wyk Westeinde. De huzen komme oan de Eeltsje Folkertsmawei. Under komt romte foar ûnder oare in húsdokter, fysioterapeuten en in bernedeiferbliuw. Dêrboppe komme trije lagen mei apparteminten. It grutste part wurdt ferhierd troch Elkien, de rest wurdt tawiisd troch Palet.

De bou begjint moandei. It kompleks moat yn de hjerst fan takom jier klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)