Start bou stasjon Werpsterhoek

05 okt 2012 - 16:55

De bou fan it nije treinstasjon by de Werpsterhoeke by Ljouwert is úteinset. Freed ha alle oanbelangjende partijen, lykas de gemeente Ljouwert en Pro Rail, in stjoergroep oprjochte dy't it projekt begeliede moat. It echte graafwurk set takom jier útein. Earst wurdt dan in auto- en fytstunnel oanlein en parkeargelegenheid kreëarre.

De bou fan it echte stasjon begjint letter. Dat moat yn 2018 klear wêze om de earste treinen te ûntfangen.

Trefwurden: 
Werpsterhoeke treinstasjon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)