Net alle manlju stean DNA ôf

05 okt 2012 - 16:12

Net alle manlju ha har oertsjûgje litten om DNA ôf te stean foar it grutskalich DNA-ferwantskipsûndersyk yn de saak Vaatstra. Sûnt ferline wike snein kinne de 8080 manlju dy't oproppen binne foar it ûndersyk wangslym ôfnimme litte. De hoop is dat in famyljelid fan de moardner dat ek docht en dat sa de moard op Marianne Vaatstra oplost wurdt.

Der is alles oan dien om safolle mooglik minsken oer de streek te lûken om mei te dwaan. Der wiene foarljochtingsbyienkomsten en de heit fan Marianne, Bauke Vaatstra rôp manlju op om mei te dwaan.

Neffens justysje is de opkomst heech. Hoefolle manlju der wol en net meidogge is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)