Wynzers ha nocht fan omriden

05 okt 2012 - 12:40

Ynwenners fan Wyns en Bartlehiem hawwe har nocht fan al de dykôfslutings wêrtroch't se kilometers om ride moatte. De lêste twa jier is fiif kear in dyk ôfsletten. No giet it om it stik dyk tusken Miedum en Lekkum. Minsken dy't nei Ljouwert wolle, moatte 13 kilometer omride. Ynwenners fan 'e doarpen hawwe in brief skreaun oan de gemeente Ljouwert mei it fersyk om mei minder drastyske maatregels te kommen as oan 'e dyk wurke wurdt.

De gemeente Ljouwert wol yn 'e takomst better oerlis ha mei Tytsjerkstradiel oer it wurk oan 'e dyk.

It pleatsen fan stopljochten, rydplaten of auto's oer it fytspaad ride litte is neffens Ljouwert gjin opsje, dat is te gefaarlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)