Doutzen klear foar filmgala

05 okt 2012 - 12:08

Doutzen Kroes makket har op foar har earste grutte presintaasjekarwei. Freedtejûn presintearret se yn de stedsskouboarch fan Utrecht it Gala van de Nederlandse Film. Op dat Gala wurde de Gouden Kalveren útrikt, de belangryskte priis yn de Nederlânske filmwrâld. Doutzen Kroes is bekend as model, sûnt koart ek as aktrise en no sil se dus presintearje.

De útrikking fan de Gouden Kalveren is freedtejûn fan healwei njoggenen ôf te sjen by de VPRO op Nederlân 1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)