Strjitrôver pakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdei in 20-jierrige man út Veenhuizen (Drinte) oppakt foar strjitrôf. Oan de Molenstraat yn Ljouwert pakte de man in tas fan in 77-jierrige frou ôf en naaide út. De man is letter op de dei oppakt troch oanwizings fan tsjûgen.
Earder dy dei wie ek in melding fan strjitrôf op it Beursplein. De plysje siket út oft de man út Veenhuizen dêr ik by belutsen is.