Gebiet oanpast foar klikstirns

05 okt 2012 - 10:45
  • Grutte klikstirns

It Fryske Gea docht dizze winter in lytse mar wichtige yngreep yn de Makkumersúdwaard om it gebiet geskikter te meitsjen foar benammen de Grutte klikstirns, yn it Hollânsk de Reuzenstern. De Makkumersúdwaard wie earder in wichtich sliepplak foar de fûgels, mar troch ferrûging en hege wetterstannen is it in stik minder populêr wurden.

De Grutte klikstirns mei graach yn ûndjip wetter stean, mar de 10 oant 20 sintimeter dy't der no regelmjittich stiet, is wat te folle.

Der wurde no dêrom lytse ferhegings op de sânplaten oanbrocht yn trije ferskillende hichten sadat der altyd wol in plakje is dêr't de Grutte klikstirns him thúsfielt. Ek steltrinners wurde holpen mei dizze yngreep. It Fryske Gea kin it projekt útfiere tanksij in subsydzje út it Sternfonds fan Vogelbescherming Nederland.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)