Nije foarsitter Woudagemaal
Jan Zeinstra is de nije foarsitter fan de stichting Woudagemaal. Hy folget Arie Kranendonk op. Dy wie foarsitter sûnt 2001. Zeinstra is 67 jier en wie earder ûndernimmer, mar ek ynterim-bestjoerder by SC Cambuur en de WTC Groep. Zeinstra is tongersdei offisjeel beneamd as foarsitter.