Friese Koers: jild foar Omrop

05 okt 2012 - 10:09

De steatefraksje fan Friese Koers wol dat de provinsje takom jier foar ien kear 150.000 euro jout oan Omrop Fryslân. Mei dat jild moat de Omrop derfoar soargje dat dy ek yn bûtengebieten goed te ûntfangen is. Neffens Friese Koers is de Omrop no in soad jild kwyt oan satelytferbinings en wurdt der wurke oan alternativen, sa as ynternet en digitenne.

Dy alternativen binne net klear foar 2014. Friese Koers wol dêrom foar takom jier in ekstra bydrage jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)