Reorganisaasje Feenstra H'fean

05 okt 2012 - 09:41

Fakbûn FNV stiet derop dat der gjin twongen ûntslaggen falle by Feenstra Verwarming op It Hearrenfean yn ferbân mei in reorganisaasje. Der wurkje no noch 120 minsken op 't Fean en dan giet it om 105 funksjes. De direksje hat it oer maksimaal tweintich ûntslaggen, mar it fakbûn wol op nul útkomme.

Tongersdeitejûn wie der in byienkomst mei sa'n santich meiwurkers. Neffens FNV-bestjoerder Anne van Dijk is it net nedich om safolle minsken dien te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)